Noch gjin nije NDC-direkteur

05 apr 2013 - 16:22

Der is noch gjin wite reek foar in nije direkteur foar de NDC media groep. Dat seit Pieter Sijpersma, de haadredakteur fan it Dagblad van het Noorden. De beneaming fan de nije direkteur waard dizze wike ferwachte. Mar dat is net slagge, seit Sijpersma. Hy hopet no dat it nije wike rûn komt.

Oer de namme fan de beëage kandidaat wol hy neat sizze, mar it sil net ien fan de minsken wêze dy't no yn de tydlike direksje fan fjouwer sitte. Njonken Pieter Sijpersma is dat ûnder oare de haadredakteur fan de Ljouwerter krante, Hans Snijder.

NDC media is de útjouwer fan ûnder oare it Dagblad en de Ljouwerter krante. Under lieding fan de nije direkteur sil it bedriuw drastysk reorganisearre wurde nei in leger tal wurknimmers, ien sintrale redaksje foar de twa haadkranten en de kar foar it plak dêr't dy sintrale redaksje festige wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)