Noch gjin lûdswâl Schatzenburg

04 apr 2008 - 12:21

Grondnet begjint foarearst net mei de oanlis fan in lûdswâl by Schatsenburch by Menaam. Dat is freedtemoarn bekend wurden by de rjochtbank yn Ljouwert. In ferûntrêste boer út'e omjouwing woe de oanlis fan 'e wâl tsjinhâlde om't der smoarge grûn brûkt wurde soe foar de lûdswâl en stapte nei de rjochter. Grondnet sei ta dat se net mei de oanlis begjinne sille foardat alle beswieren troch de gemeente behannele binne. De boer luts doe syn beswier yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)