Noch gjin lisinsje foar Westra's Astana-ploech

04 des 2014 - 11:53
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje krijt mei syn ploech Astana noch gjin lisinsje foar 2015. Hurdfytsbûn UCI hat tongersdei de teams bekend makke dy't yn 2015 oan de Wrâld Toer meidwaan meie. Astana sit dêr net by, omdat de ploech út Kazachstan de lêste moannen fiif dopinggefallen hân hat.

Alhoewol't it yn trije fan de fiif gefallen fytsers wiene út de opliedingsploech, ûndersiket de UCI noch de rol fan ploechlieder Alexander Vinokoerov. As der gjin lisinsje foar Astana komt foar 10 desimber moat Westra op syk nei in oare ploech.

Itselde jildt foar oare 'blikfangers' as Lieuwe Westra, Tourwinner Vicenzo Nibali en nije oankeap Lars Boom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)