Noch gjin limyt foar v.d. Veen

12 aug 2007 - 13:45

José van der Veen fan Drachten is sneon op it Rasschaert Memorial yn it Belgyske Ninove fjirde wurden op de 800 meter yn in tiid fan 2.04'07". Winneres waard de Kanadeeske Hilary Stellingwerff yn 2.02'50".

Van der Veen rûn in pear tellen te stadich om har te kwalifisearjen foar de wrâldkampioenskippen atletyk yn Japan. De limyt stiet op 2.01'30". Van der Veen hat no noch ien wike de tiid om oan dy limyt te foldwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)