Noch gjin jild foar Fries Museum

04 okt 2006 - 16:12

CDA en VVD yn de Steaten wolle noch gjin jild jaan foar de ferhuzing fan it Fries Museum nei it Saailân ta. Se fine de finansjele risiko's foar de provinsje noch te grut. Dêrneist soene de garânsjes oer it werom beteljen fan de lienings net goed regele wêze.

CDA en VVD steane foar it Kolleezje fan DS oer. Dy wolle it Fries Museum definityf 10,5 miljoen euro jaan foar de ferhuzing. Provinsjale Steaten moat op 8 novimber definityf beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)