Noch gjin huldiging Rintje

13 feb 2001 - 11:13

De huldiging fan wrâldkampioen Rintje Ritsma giet moandei net troch. Op fersyk fan Ritsma wurdt de huldiging oant in letter momint útsteld.

Ritsma jout er de foarkar oan om earst de belangrykste wedstriden fan it seisoen ôf te wurkjen, foar't er him yn syn wenplak huldigje lit. It Reedrydkomitee fan Lemsterlân hat Rintje moandei om 13.00 oere wolkom hiten op Skiphol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)