Noch gjin foksen sketten

22 jul 2009 - 09:43
  • De jacht op foksen is begûn

De foksjejacht op Flylân hat noch neat opsmiten. De jagers ha tiisdeitejûn en woansdeitemoarn socht. Se sille woansdeitejûn fierder mei de jacht.

De fûgelbriedgebieten bliuwe sletten. De bisten soene opjage wurde troch minsken en sa skea oanrjochtsje yn in grutter gebiet. Sûnt heal juny rjochtsje foksen grutte skea oan ûnder briedende fûgels. De bisten binne wierskynlik troch minsken op it eilân brocht. De plysje ûndersiket dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)