Noch gjin fergoeding skea ATF

13 jul 2000 - 11:20

It duorret noch wol twa moannen foar't boeren de skea fan de brân by de ATF yn Drachten fergoede krije. De NLTO hat al in ynventarisaasje makke fan de skea by de boeren. Dy skea is in goed miljoen.

De fersekeringsmaatskippij fan ATF wol earst ek de skea fan oare bedriuwen en de gemeente op papier hawwe. Pas dêrnei wol de fersekering besjen oft sy oanspraaklikheid erkend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)