Noch gjin fallisemint Westerbaan

21 nov 2002 - 00:00

Der is tongersdei noch gjin fallisemint útsprutsen oer boubedriuw Westerbaan. It is wol oanfrege by de rjochtbank troch in skuldeasker, mar dy hat om twa wiken útstel frege.

Neffens fakbûn CNV is dat in fertragingstechnyk, want it bedriuw kin yn tuskentiid net ferkocht wurde. Dêr soe wol belangstelling foar wêze. De skulden kinne no ek noch twa wiken oprinne. De wurknimmers kinne no noch minder op har jild rekkenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)