Noch gjin ekstra trein Meppel

09 nov 2012 - 09:46
  • Spoaroergong

De ChristenUnie yn Provinsjale Steaten wol witte wêrom't yn desimber noch gjin ekstra treinen ride tusken Meppel en Ljouwert. De provinsje en de NS binne okkerdeis oerienkaam dat dy ekstra treinen dan ride, mar neffens de ChristenUnie wurdt dat net earder as takom maitiid.

De fertraging soe ûntstean omdat yn Meppel earst noch in perron ophege wurde moat. De partij wol witte wêrom't dat sa lang duorje moat en wat de gefolgen binne foar de tsjinstregeling en de oansluting op oare treinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)