Noch gjin ekstra jild foar Miks

30 okt 2003 - 00:00

De Jouster organisaasje foar wolwêzen Miks kriget foarearst gjin ekstra jild fan de gemeente Skarsterlân. Miks hie frege om 27.500 euro foar de útwreiding fan de formaasje en foar in saaklik lieder.

De CDA hie dêr in moasje tsjin yntsjinne. Se wiene fan miening dat der earst sjoen wurde moat oft der binnen it budzjet fan Miks net te skowen falt. Miskien dat der sa jild frijkomme kin. De ried wie it hjirmei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)