Noch gjin dúdlikheid oer oarsaak deadlik ûngelok Stiens

14 jul 2015 - 16:41

De plysje hat noch gjin idee hoe't it ûngelok op de krusing by Stiens sneon barre koe. Der wurdt noch hieltyd ûndersyk nei dien. By it ûngelok tusken in bus en in auto kaam in man om it libben. In frou rekke slim ferwûne. Troch de botsing fleach de auto yn brân.

Omstanners koene de frou út de auto helje, mar de man koe net rêden wurde. De sjauffeur fan de bus is ûnderfrege troch de plysje mar ek dat hat noch gjin dúdlikheid opsmiten oer de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)