Noch gjin dúdlikheid Lúnbert

27 mrt 2013 - 10:11
  • Deade man Lúnbert

De plysje wit noch hieltyd net oft de man dy't dea fûn is yn in fiver yn Lúnbert troch in misdriuw om it libben kaam is. De lêste puzelstikjes fan it ûndersyk wurde dizze dagen bymekoar lein om it byld kompleet te krijen.

De 57-jierrige man waard oardel wike lyn troch in kunde fûn yn de fiver achter syn hûs. De man is ferdronken, mar ûnder hokker omstannichheden is noch net dúdlik. Wol docht út ûndersyk bliken dat de man de jûn foardat hy fûn is, in tal minsken op besite hân hat. De besite is nachts nei tolven wer fuortgien.

De plysje hopet dizze wike it ûndersyk nei de dea klear te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)