Noch gjin dúdlikens oer trochstart Aqua Zoo

13 feb 2015 - 14:31
  • Otter yn Aqua Zoo

Der is noch gjin dúdlikens oer in trochstart foar bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert. It park gie trije wiken ferlyn fallyt, mei oare festigings fan Zodiac Zoos. Der wie ynearsten in soad belangstelling foar oername fan de parken. Op dit stuit praat kurator Gunnink noch mei fjouwer oernamekandidaten. Ein nije wike moat dúdlik wêze oft der in trochstart komt.

Aqua Zoo is noch altyd iepen foar besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)