Noch gjin datum saak St.Nyk

26 aug 2014 - 13:01

It is noch net wis wannear't de saak tsjinnet tsjin de frou út Sint Nyk dy't goed twa wike lyn belutsen wie by de oanriding fan twa jonges. It Iepenbier Ministearje is noch dwaande mei de tarieding fan de oanklacht. Neffens in wurdfierder kin it noch wol even duorje foardat alle ynformaasje oer de saak ferwurke is.

De frou ried de twa jonges nei in achterfolging op it fuotpaad oan. De 14-jierrige Ronald Huizenga rekke dêrby slim ferwûne. Hy is bûten libbensgefaar mar leit noch hieltyd yn it UMCG. It oare slachtoffer hie lichte ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)