Noch gjin CAO Lytsmetaal

12 des 2007 - 21:02

In earste oerlis tusken de wurkjouwers yn de lytsmetaal en it fakbûn FNV Bondgenoten hat noch gjin oerienstimming oplevere oer in nije CAO. De wurkjouwers kinne har ûnder oare net fine yn de eask fan it fakbûn foar in leansferheging fan 3,5 prosint en bettere opliedingsmooglikheden.

It fakbûn bringt syn 6.000 Fryske leden tongersdei op de hichte fan de útkomsten fan it oerlis. Meikoarten wurdt in twadde oerlis hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)