Noch gjin beswier fia mail

22 mrt 2005 - 06:42

Elektroanysk beswier meitsje by de provinsje Fryslân is noch net mooglik fanwege technyske beheinings. Der wurdt lykwols wol oan wurke. Dat skriuwe Deputearre Steaten nei oanlieding fan fragen fan de steatefraksje fan D66.

Beswierskriften moatte neffens de wet skriftlik yntsjinne wurde kinne. Dat betsjut dat it ek fia e-mail kinne moatte soe. By de provinsje kin dat ynearsten allinne noch mei in brief.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)