Noch gjin beslút Waadprovinsje

14 aug 2014 - 10:10
  • De Waadsee

Henk Jonker fan lokale partij Texel 2010 wachtet noch altyd op útslútsel fan minister Ronald Plasterk oer syn plan foar ien Waadprovinsje. Neffens Jonker moatte de Fryske Waadeilannen en Teksel ien provinsje foarmje, omdat de eilannen mear mei elkoar te krijen hawwe as mei de fêste wal.

Ut in peiling fan webside Texel-Plaza docht neffens Jonker bliken dat in mearderheid fan de minksen him yn syn plan fine kin. Fan de 750 dielnimmer wie 75 prosint it mei it plan iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)