Noch gjin beslút oer 'de heak'

21 sep 2004 - 17:42

It ministearje fan ferkear en wettersteat hat noch gjin beslút nommen oer de Heak om Ljouwert. Minister Peijs fan ferkear wachtet noch op oanfoljende gegevens fan 'e gemeente Ljouwert foardat sy jild jaan kin.

De plannen foar it Suderseespoar rinne noch mear fertraging op. Peijs wachtet nammentlik op nije regels foar grutte ynfrastrukturele projekten. Dy wurde op dit stuit noch makke troch de kommisje Duijvesteijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)