Noch gjin beslút oer besunigings

23 okt 2003 - 00:00

De Fryske polityk hat woansdei wegere om in beslút te nimmen oer de besunigingsfoarstellen fan deputearre Ploeg fan finânsjes. Alle partijen fûnen de foarstellen fan it kolleezje ûnfoldwaande ûnderboud. De besunigings fan meiinoar 4,5 miljoen op ynstânsjes as it Filmfestival, de Fryske miljeufederaasje en de Fryske Beweging binne hjirtroch foarearst fan tafel.

Heal novimber wurdt der op 'e nij praat oer de mooglike besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)