Noch gjin beslút Mercurius

01 okt 2013 - 06:57
  • Mercurius RTV

In ûnôfhinklik kertiermakker moat in oplossing fine foar de striid om de stjoerlisinsje fan de lokale omrop yn Ljouwert. In lytse mearderheid fan de gemeenteried stimde moandeitejûn yn mei it foarstel fan de NLP. De besteande stjoerder Mercurius wol dy lisinsje behâlde, mar it Grinzer inisjatyf LEO wol dy graach hawwe.

De ried wol dat in ûnôfhinklik persoan mei alle partijen om tafel giet om te sjen oft der in mienskiplike oanfraach komme kin. Foar 1 desimber moat helder wêze hokker omrop de stjoerlisinsje krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)