Noch gjin Alvemarretocht

08 feb 2012 - 17:20

Der is noch gjin datum fêststeld foar de Alvemarretocht. Earst wurdt ôfwachte oft der ek in Alvestêdetocht komt. Neffens ôfspraak hat dy altyd foarrang op in Alvemarretocht. Mocht de Alvestêdetocht no earst net trochgean, dan komt it Alvemarrebestjoer freedtemoarn wer byelkoar mei syn rayonhaden om te sjen oft dy Alvemarretocht snein ferriden wurde kin.

It is al wol tige drok mei ynskriuwings foar dy eventuele Alvemarretocht. Dat kin op it VVV-kantoar yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)