Noch gjin Alvemarretocht

07 feb 2012 - 13:17

De Alvemarrentocht is altyd de opmaat foar de Alvestêdetocht. Ek dy rûte is lykwols noch net klear foar in tocht. Woansdeitemiddei falt it beslút. Tusken in Alvemarretocht en in Alvestêdetocht moat altyd trije dagen sitte.

It iis op de Alvestêderûte is ek op alle plakken noch net like goed. It hat de ôfrûne nacht dan wol bot ferzen, mar fral yn Súdwest-Fryslân binne der noch in soad knipepunten. Woansdeitejûn komme de rayonhaden byelkoar om te praten oer de Alvestêdetocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)