Noch gjin aksje wetterskip

03 maaie 2011 - 10:48

Wetterskip Fryslân hoecht foarearst noch gjin ekstra maatregels te nimmen yn ferbân mei de droechte. Sûnt mids maart wurdt al ekstra wetter ynlitten en dat betsjut dat it wetter no twa sintimeter boppe streefpeil stiet. It wetterskip hoecht dan ek noch net in bereiningsferbod yn te stellen.

As de droechte oanhâldt, stiet foar de twadde helte fan maaie in ynspeksje fan de feankaden op it programma. Dan wurdt besjoen oft troch de droechte ek grutte skuorren yn de kaden sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)