Noch gjin akkoart Schatzenburg

09 apr 2006 - 16:31

Der is noch hieltyd gjin akkoart oer rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam. Eigner Van Booma hat it lêste kompromisfoarstel fan it kolleezje fan Menameradiel ôfwiisd. It wachtsjen is no op de foarming fan in nij kolleezje, nei alle gedachten oer 14 dagen.

It foarige kolleezje woe dat it swimbad simmers iepensteld wurdt foar maksimaal 1500 gasten op de middeis. Van Booma wol lykwols in maksimum fan 200 en dan ferdield oer de dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)