Noch gjin airsoftwapens ynlevere op It Amelân

21 jul 2015 - 16:21
  • De airsoftwapens dy't ynlevere wurde moatte

Der binne noch gjin airsoftwapens ynlevere by de plysje op It Amelân. De pistoalen, dêr't baltsjes mei sketten wurde kinne, binne útdield as priis. Dat waard dien troch de pleatslike amusemintshal. Mar de wapens binne gefaarlik en ferbean.

Ferline wike die de plysje dêrom in oprop om de wapens yn te leverjen. Dat hat oant no ta gjinien dien. Wol hat de plysje trije airsoftwapens yn beslach naam. In groep jonges rûn dêrmei oer strjitte. De plysje tinkt dat der yn totaal inkele tsientallen airsoftwapens útdield binne op It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)