Noch gjin útwreiding feesykte

30 des 2011 - 20:16
  • (fotofoarbyld)

Der binne de lêste wike gjin nije gefallen fan it Schmallenbergfirus fûn by Fryske bedriuwen. Dat lit it ministearje fan lânbou witte. Op 23 desimber waard bekend dat op trije bedriuwen yn Fryslân skiep misfoarme lammen krigen hiene troch it firus. It giet om bedriuwen yn De Hoeve, Wûns en Wynjewâld.

Op dit stuit wurdt noch ûndersyk dien nei mooglike besmetting by nochris twa skiep en by fjouwer kij by Fryske feehâlders. It Schmallenbergfirus is in nij firus dat neamd is nei it Dútske plak dêr't it foar it earst fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)