Noch fjouwer jier simmeriis

10 jul 2006 - 13:43

IIsstadion Thialf op it Hearrefean giet de kommende fjouwer jier troch mei it simmeriis. Dat is ôfpraat mei it reedridersbûn KNSB. De lêste jierren hat Thialf simmerdeis in pear wiken iis en dêr meitsje professionele riders in soad gebrûk fan. De KNSB betellet der ek oan mei.

Trochdat no fier yn 't foar dúdlik is dat der simmeriis komt, kin Thialf ek wat mear oan promoasje dwaan. Neist profs komme der ek in soad rekreanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)