Noch fertochte Flylân oppakt

06 aug 2009 - 11:11

De plysje hat in tredde fertochte út Ljouwert (28) oanhâlden nei oanlieding fan it geweld op Flylân. Earder waarden al twa Ljouwerters (20 en 25) oanhâlden. De plysje begelate yn de nacht fan sneon op snein in groep jongeren fan it doarp nei de kamping.

By it fuotbalfjild bleau de groep hingjen en makke in soad leven. Doe't de plysje de 25-jierrige Ljouwerter oanhâlde woe, waard er agressyf. Mei help fan de twa oare Ljouwerters foel de man de plysje oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)