Noch altyd giel foar Weening

08 maaie 2003 - 00:00

It giet noch hyltyd poerbêst mei Pieter Weening yn 'e Thüringer Rundfahrt. De Harkemaster wûn tongersdei mei syn Rabobankploech de 42 kilometer lange ploegetiidrit. De Dútse ploech Köstritzer moast 31 tellen tajaan, de Switserse ploech waard tredde en hie in achterstân fan goed 2 minuten.

De ploech fan Marcel Beima (Hurdegaryp) hie in achterstân fan 2 minút 43. Nei dizze tredde etappe bliuwt de giele liederstrui by Pieter Weening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)