Noch altiten steuring bank

29 maaie 2006 - 12:07

De problemen mei it ynternetbankieren by de Friesland Bank binne noch net oer. Ofrûne wykein is der hurd wurke oan it softwareprobleem. Mar de ferwachting is dat de kommende dagen it ynternetbankieren noch út de loft wêze sil.

Klanten fan de Friesland Bank kinne har betellingen fia oerskriuwingskaarten dwaan. Ek binne alle kantoaren fan de Friesland Bank de hiele dei iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)