Noch in alkoholpoly yn Fryslân

12 feb 2011 - 12:58

Fryslân moat noch in alkoholpoly foar jongeren krije. Dat seit bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL. Yn it Ljouwerter sikehûs is al in skoft in spesjale poly foar jongeren dy't harsels yn in koma dronken hawwe.

De arts reagearret op it nijs dat it kabinet mear alkoholpolys ha wol. Fryslân soe neist Ljouwert noch wol sa'n behannelsintrum brûke kinne, bygelyks yn it Antonius Sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)