Noch 8 wike boustop koalsiedmûne

01 maaie 2006 - 21:19

De boustop dy't Harns it bedriuw Eco Park BV oplein hat, jildt noch seker 8 wike. It bedriuw wol op yndustry- terrein Oostpoort in koalsiedmûne bouwe. Om't de miljeufergunning te let oanfrege is, kin de gemeente ek gjin boufergunning jaan. It bedriuw wie lykwols al begûn mei de fundearring.

Moandei spile by de rjochtbank noch in saak fan de buorlju tsjin de koalsied- mûne. Dy fine de mûne te gefaarlik. De rjochter wiisde dy klacht ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)