Noch 60 minsken by Atoglas

22 jul 2006 - 12:02

In grut part fan de wurknimmers fan Atoglas yn Ljouwert hat yntusken in nije baan. De produksje fan it bedriuw wurdt de kommende moannen stadichoan oerhevele nei in bedriuw yn Frankryk. Mei yngong fan 1 jannewaris sil it bedriuw oan Achter de Hoven sletten wurde.

Dat is fjouwer moanne letter as de bedoeling wie. Doel is dat der de kommende moannen noch sa'n sechtich minsken oan it wurk bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)