Noch 5 pealsitters yn Kollum

08 aug 2009 - 15:13
  • Sneontemoarn betiid wiene der noch seis; no binne it der fiif

Fiif pealsitters binne noch yn de race om it rekôr pealsitten fan 'e Kollumerlân yn hannen te krijen. Se sieten sneon al 68 oeren op in peal.

Woansdeitejûn om 9 oere binne 8 sitters oan de rekôrpoging begûn. De fiif dy't oer binne besykje it rekôr út 1984 fan Jan Ginjaar te ferbetterjen. Dat stiet op 72 oeren. Oft eltsenien dit hellet is mar de fraach, want de wurgens slacht ta. Om de 2 oeren meie de dielnimmers efkes 10 minuten fan de peal om nei it húske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)