Noch 3 moannen foar Arriva

24 jan 2007 - 12:59
  • tsjinstregeling moat meikoarten wer neffens skema rinne
  • Deputearre Ton Baas en Arriva-direkteur Anne Hettinga

Ferfiersbedriuw Arriva moat foar heal april de saken op oarder ha. Dat hat it bedriuw mei de provinsje ôfpraat. De ôfrûne tiid wie der in soad krityk op de ferfierder. Treinen en bussen komme te let en sitte te fol. Boppedat falle der tefolle tsjinsten út.

Arriva jout ta dat de nije tsjinstregeling net hielendal neffens plan rint. Dêr wurdt hurd oan wurke. Ek ferfiersbedriuw Connexxion is op it matsje roppen by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)