Noch 2 dagen foar it nije lûd: Diana tenei op sneon

28 feb 2015 - 08:00

Noch twa dagen, dan is it safier: de start fan de nije radioprogrammearring by Omrop Fryslân, mei foaral troch de wike in hiel soad nije items en programma’s. Nij yn it wykein is de stim fan Diana de Groot: sy presintearret tenei ‘Sneon yn Fryslân’.

“Doe’t ik frege waard foar de sneontemiddei hoegde ik net sa lang nei te tinken. Fiif oerkes radio meitsje, mei moaie muzyk, nijsgjirrige petearen, reaksjes fan harkers en aktuele sport, dêr ha ik in protte sin yn!”

De funksje fan presintator fan ‘Sneon yn Fryslân’ kaam frij trochdat Geert van Tuinen, dy’t it programma opset hat, tenei op wurkdagen ‘Geert yn de middei’ presintearje sil. Alhiel ûnbekend is it programma net foar Diana: “Ik ha it programma alris in pear kear as ynfalkrêft dien.” Fierder hat Diana earder al tal fan radio- en televyzjeprogramma’s presintearre by Omrop Fryslân, mar ek by RTV Drenthe.

Wat de plannen fan Diana mei Sneon yn Fryslân binne? “De krêft fan sneon yn Fryslân is fansels it kontakt mei de harkers en de sjoggers. Dat bliuwt ek sa. De sms, de mail en facebook: wy sette alle kanalen iepen om te reagearjen en muzyk oan te freegjen. Mar fansels bin ik in oar persoan as Geert van Tuinen, dus ik doch it wol op myn eigen wize. En wy hawwe ek in pear frisse nije ûnderdielen betocht. Ik sil bygelyks wat ferrassends dwaan mei âlde tradisjonele gerjochten. En der falt tenei ek wat te winnen. Hoe? Ik kin sizze dat it hiel leuk wurdt. Gewoan de radio of de televyzje oansette, op sneontemiddei!”

Sneon yn Fryslân, sneontemiddei fan 13.00 - 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)