Noch 1000 kaarten by Hearrenfean

31 aug 2000 - 15:33

Fuotbalklub Hearrenfean hat noch sa'n 1000 kaarten oer foar wedstriden yn de Champions League. Dy binne fan tongersdei ôf fia Ticket Box te krijen, ek sûnder clubcard.

Hearrenfean is al 12.000 kaarten kwyt. De ferwachting wie dat dat der mear wêze soenen. Neffens de klub ha de fakânsjetiid en de wat minder oansprekkende tsjinstanners dêr mei te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)