Noch 1 dei foar it nije lûd: De nije tunes

01 mrt 2015 - 08:00
  • Raynaud Ritsma

Noch ien dei, dan begjint de nije radioprogrammearring by Omrop Fryslân, mei tal fan nije items en nije programma’s. Tagelyk is dan op de radio in hiel pakket oan nije jingles en tunes te hearren. “Enerzjyk en fris.” Dat binne neffens radiokoördinator Jan Durk de Haan de wurden dy’t it bêste passe by de nije tunes.

Dy binne wer foar in grut part makke troch Top Format yn Haarlem, in bedriuw dat spesjalisearre is yn it meitsjen fan radiojingles. Ek de jingles dy’t no al te hearren binne by Omrop Fryslân komme dêr wei.

“Top Format produsearret radiofoarmjouwing foar stasjons oer de hiele wrâld, yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Spaansk. Mar Frysk bliuwt foar harren hiel spesjaal. Dêrfoar is wer ús fêste Frysktalige jinglekoar byelkoar brocht, mei Femke Hoeksma, Lydia van der Meer, Raynaud Ritsma en Jan Tekstra.”

Vangrailsjonger Raynaud Ritsma komt oars ek al in protte by Omrop Fryslân oer de flier, omdat hy foar televyzje Tsjek presintearret: “Ik stean faak op it poadium mei de band, dat is prachtich moai, mar asto by Top Format stiest te sjongen, dan moast it wol echt sjen litte. It komt der dan op oan. Ik wol net sizze dat ik it dreech fyn, mar ik fyn it wol spannend. Top Format heart by de top fan Nederlân as it giet om it meitsjen fan jingles. Ik fûn de foarige jingles fan Omrop Fryslân ek fantastysk, mar no klinkt it wol echt sublym!”

It ferfangen fan alle jingles en tunes is in grutte operaasje. Jan Durk de Haan: “Fjouwer programma’s binne fan moandei ôf hielendal nij, dus dat betsjut yn alle gefallen dat dêr allegear nije begjintunes foar makke wurde moasten, foar de fêste presintatoaren, mar ek foar de mooglike ferfangers. Mar ek alle oare programma’s krije nije begjintunes. En dan noch de jingles foar alle nije items en rubriken. Alles mei-elkoar giet it om in list fan wol hast 500 tunes.” Komt dat op tiid klear, foar moandei? “Wy lizze op skema...”

In nij lûd op 92.2 FM, fan moandei ôf, by Omrop Fryslân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)