Nobel bêste kafee fan Nederlân

23 nov 2006 - 10:52

Kafee Nobel yn Ballum op it Amelân is útroppen ta bêste kafee fan Nederlân troch it blêd Misset Horeca. Neffens de sjuery hat it kafee ekselinte gasthearen en in soad omtinken foar de gasten. Mar ek de eigen likeur, it Nobeltje, wurket yn it foardiel.

It is foar it earst dat in kafee yn Fryslân as bêste út de bus komt. Nobel einige de ôfrûne jierren al wol op it twadde en tredde plak. De list mei de 100 bêste kafees komt freed út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)