Noarske wrotmûs yn polder

26 aug 2010 - 16:54
  • Hjir is de Noarske wrotmûs sjoen

Yn de Ryptsjerkster polder is in Noardske wrotmûs fûn. By in eardere grutskalige fangstaksje waarden se hielendal net fongen en de ynrjochting fan it gebiet is foar in part wol ôfstimd op it hiel seldsume mûske.

It Fryske Gea is dan ek optein oer de fynst. Sy wiene der wol fan oertsjûge dat it bistke der siet, mar minsken bûten de natoerorganisaasjes twifelen dêr iepenlik oan. Oan dy twifel is sûnt woansdei in ein kaam, doe 't it bistke dochs oantroffen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)