Noardwest-Fryslân wol Brussels jild hawwe foar ûntwikkeling

18 maaie 2015 - 12:03
  • It rapport waard oanbean oan deputearre Hans Konst

Noardwest-Fryslân wol de leefberens yn de streek ferbetterje op it terrein fan toerisme, wurkgelegenheid en tal fan oare saken. Dêrta wurdt besocht sawat 7 miljoen euro Leader-jild út Brussel te krijen. Deputearre Konst krige moandei in rapport oer de ûntwikkelingsstrategy fan de streek útrikt. Pas as dat algemiene plan goedkard wurdt, kinne konkrete plannen makke wurde.

Rânebetingst is dat de plannen fan ûnderôf, troch de bewenners betocht en útfierd wurde moatte.

As der grien ljocht út Brussel komt, soe it de tredde kear wêze dat Noardwest-Fryslân Europeesk jild foar dit soart projekten krijt. Noch foar de simmer moat dúdlik wêze oft it slagget en dan moatte der konkrete plannen op papier set wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)