Noardwest-Fryslân wer befarber

19 jan 2011 - 19:34
  • De noardlike Alvestêdefarrûte

De provinsje Fryslân is dizze wike útein set mei baggerwurk yn de farwegen yn Noardwest-Fryslân. In part fan de Klaairûte wurdt baggere en it Moddergat by Berltsum wurdt djipper en breder makke. Noardwest-Fryslân wurdt dêrmei berikber foar motorboaten en sloepen.

It wetterke Moddergat is ûnderdiel fan de Alvestêdefarrûte en moat yn 2013 op djipte wêze. De trochfarhichte is dan 2.40 meter en sa kinne der boaten mei in djipgong fan 1.30 meter farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)