Noardwest-Fryslân komt mar net fan mûzepleach ôf

16 sep 2015 - 07:32
  • Mûzegongen yn it lân by De Jouwer

De boeren reitsje mar net ôf fan de mûzen dy't it lân ferniele. Op de feangrûn yn it súdwesten fan de provinsje binne de mûzen wol fuort, mar op de klaai yn it noardwesten binne de bisten noch hiel aktyf en liket de pleach him noch út te wreidzjen.

Provinsje en wetterskip ûndersykje wat úteinlik de bêste bestridingsmetoade is om yn de takomst better reagearje te kinnen op in nije mûzepleach. Sa't it no liket is it folrinne litten fan de mûzegongen mei wetter it meast effektyf.

De jongen fersûpe en de âlden flechtsje en wurde dêrnei opfretten troch rôffûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)