Noardlike PvdA wurket gear

17 mrt 2014 - 08:38
  • PvdA

De PvdA yn Fryslân, Grinslân en Drinte hat snein op in partijgearkomste yn Drachten it startskot jûn foar gearwurking op it mêd fan wurkgelegenheid. Op de gearkomste is de website hetrodenoorden.nl lansearre. Dêr stiet ûnder oare op wat de ferskate PvdA-fraksjes dogge om de wurkgelegenheid te befoarderjen en hokfoar wurkgelegenheidsprojekten der binne.

De PvdA wol ek nije inisjativen opsette om mear minsken oan it wurk te krijen. Dêrfoar wurde meikoarten byienkomsten organisearre mei saakkundigen út it ûnderwiis en it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)