Noardlike jubileumdei kuorbaljen

11 maaie 2003 - 00:00

It kuorbaljen sit folop yn de lift. It ôfrûne jier hat Distrikt Noard der in pear 100 leden by krigen. Sneon wie de noardlike jubileumdei fan it kuorbalbûn yn Easterwâlde. Sa'n 1000 kuorballers ûnder 12 jier spilen dêr har wedstriden.

De jubileumdei wie ek bedoeld om it kuorbaljen ûnder de jeugd te promoatsjen. Nei de wedstriden reizgen de kuorballers ôf nei Speelstad Oranje. Foar de âldere kuorballers is ynkoarten noch in feestjûn yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)