Noardlike ekonomy herstelt him

03 nov 2009 - 10:15
  • Tal falliseminten rint werom

De Keamer fan Keaphannel is ridlik posityf oer it herstel fan de ekonomy yn it Noarden. Neffens de organisaasje giet it better mei de eksport en rint ek it tal falliseminten werom.

De Keamer fan Keaphannel basearret him dêrby op sifers oer de earste njoggen moannen fan dit jier. Dêrút docht bliken dat de eksport fiif prosint leger leit as ferline jier. Begjin dit jier wie dat noch 15 prosint. It tal falliseminten leit 50 prosint heger as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)