Noardlik spoar: 160 miljoen

18 des 2007 - 17:41
  • Ryk jout 160 miljoen foar ferbettering besteande spoar as kompensaasje foar Suderseeline

De Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei de kompensaasje fan 160 miljoen euro oan it Noarden foar it net trochgean fan de Suderseeline. It jild komt boppe-op de 2 miljard dy't al tasein wiene troch it Ryk. It is bedoeld foar it spoar yn it Noarden.

In moasje wêryn't de sizzenskip oer de besteging fan it jild by it Noarden lein wurdt, is oannaam. Moasjes om te easkjen dat de Suderseeline dochs noch oanlein wurdt, hawwe it net helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)