Noardlik Filmfestival siket kreatyf filmtalint

25 jun 2015 - 15:59
  • De iepening fan it festival.

It Noardlik Filmfestival is op syk nei talintfolle filmmakkers. Sawol profesjonels as amateurs kinne meidwaan oan de talinteprogramma's fan it festival.

Der binne ferskate kategoryen wêryn't de filmmakkers oan de slach kinne. Sa kinne se films dy't al klear binne, ynstjoere of se kinne plannen yntsjinje foar films dy't noch makke wurde moatte.

Fierder kinne se meidwaan oan The 48 hour Film Project, wêrby't binnen twa dagen in film ôflevere wurde moat yn it wykein foar it Filmfestival. It NFF is fan 11 oant en mei 15 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)