Noardlik Filmfestival iepene

10 nov 2010 - 20:39

Yn Ljouwert is woansdeitejûn it Noardlik Filmfestival iepene. Op de 32e edysje waarden op de iepeningsjûn twa films fertoand. Le Quattro Volte fan Michelangelo Frammartine en de koarte film Incident by a Bank fan Ruben Östlund. Yn De Harmonie en it Filmhûs sille de kommende dagen films te sjen wêze. Der wurde mear as 25.000 besikers ferwachte. It Noardlik Film Festival duorret oan en mei snein. Der is spesjaal omtinken foar noardlike films.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)